Teäterfoarstelling De Tocht yn ferbân mei coronakrisis ferpleatst nei 2022

Teäterfoarstelling 'De Tocht' wurdt yn ferbân mei de coronakrisis útsteld oant 2022. Dat hat de organisaasje freed bekend makke. De musical oer de Alvestêdetocht giet no op 3 oktober 2022 yn premjêre, in jier letter as de oarspronklik plande datum.
De Tocht ferpleatst nei 2022
Fanwegen de coronakrisis hat it produksjeproses fertraging oprûn, wêrtroch't 2021 net mear helber is. Sa kin ûnder oare it testen fan de oer iis bewegende tribunes net trochgean, om't der net mei publyk test wurde mei.

'Gjin konsesjes'

"'De Tocht' giet troch, mar de we dogge gjin konsesjes yn kwaliteit", seit kreatyf produsint Foppe van der Veen. "2021 liket noch fier fuort, mar de produksjeplanning is strak. As we no net fan koers feroarje, kinne we net de foarstelling meitsje dy't we foar eagen hawwe. Dat is net de maklikste beslissing om te nimmen, mar wol de bêste."
Ek de kâns dat der foar 2021 net op tiid in faksin beskikber is, spilet mei yn de oerwaging. Under de coronamaatregels fan no soe der net mei folsleine sealbesetting spile wurde kinne. Sjoen de omfang fan de produksje is dat in te grut finansjeel risiko.
© De Tocht
Hoewol't it ûnwisse tiden binne foar de kulturele sektor, komt de ûntwikkeling fan 'De Tocht' foarearst net yn gefaar. Yn oerlis mei de finansiers is in nij plan makke en om it ekstra jier te dekken is oerbrêgingsfinansiering regele.
Neffens kreatyf produsint Madelène van Beuzekom rint de ûntwikkeling fan de foarstelling kreatyf-ynhâldlik sels foar op skema: "Het script en de muziek zijn in een vergevorderd stadium. De 'extra' tijd gebruiken we om de voorstelling nog verder te verdiepen. We gaan dus zeker niet in winterslaap. Sterker nog: eind deze maand vinden de audities voor de hoofdrollen plaats."
Foppe van der Veen oer De Tocht
'De Tocht' fertelt it ferhaal fan fiif âld-reedrydfreonen dy't elkoar yn de rin fan de jierren troch rûzje en ôfgeunst út it each ferlern binne. Mar yn harren jongere jierren diene se in belofte: as De Tocht der ea noch in kear komt, dan ride se dy mei-inoar út.