Boargers meie meitinke oer nije wenwyk yn Boalsert

Boargers kinne yn Boalsert meitinke oer de nije wenwyk dy't yn Boalsert-East komme moat. De gemeente Súdwest-Fryslan wol hjir ûngefear 200 wenten realisearje. It giet om hier- en keapwenten.
© Gemeente Súdwest-Fryslân
De gemeente ropt de mienskip op om mei te tinken oer hoe't de wyk der krekt út komme te sjen moat. Minsken kinne oant 5 july reagearje troch in enkête yn te foljen.
Yn de enkête stean fragen oer wat der komme moat yn de wyk. Der binne ferskate opsjes: tiny houses, apparteminten of wenten. Gewoanwei kinne boargers harren miening jaan op in ynrinjûn, mar dat is troch de coronamaatregels net mooglik. De enkête is oant no ta 80 kear ynfolle.

Maklik meitinke

"Het voordeel van een enquête is dat mensen van buiten de gemeente en buiten Fryslân ook gemakkelijk kunnen meedenken", seit wethâlder Mark de Man. "Onze gemeente heeft een mooie balans tussen wonen, werken en recreëren en we willen dat iedereen zich welkom voelt om naar Bolsward-Oost te verhuizen."