Coronakrisis deastek foar Reisburo Franeker: "De hiele wrâld sit op slot"

Reisburo Franeker hâldt op fan bestean. Nei fiif kear it bêste reisburo fan Fryslân west te hawwen en mei fjouwer kear in plak yn de Nederlânske top trije, falt no it doek troch de coronakrisis.
© Google Streetview
In drama foar Jeannet Diemers-Hospes en har seis wurknimmers. "Dit is de iennige kar dy't wy noch seagen", sa seit Diemers-Hospes. "Dizze krisis is desastreus. De hiele wrâld sit op slot."

Grut drama

"Dit is echt in grut drama", begjint in emosjonele Jeannet Diemers-Hospes har ferhaal. "Op 15 maart is de corona start en fan doe ôf oan ha we alle senario's berekkene. Dit ha we elke dei hast wol dien. We moatte oan al ús ferplichtingen foldwaan, sa as de betellingen, mar dat wurdt dreech as gjin ien boekt. We seagen it ein sadwaande wol oankommen, mar it is ûnfoarstelber hoe fluch oft it gien is."
Doe't de krisis begûn, wiene de gefolgen fuortendaliks te fernimmen by de brânsj. "Dêrnei is it kompleet ynsakke en waard gjin inkelde reis mear regele. Elke dei hopen we op nij perspektyf, mar dat kaam der net." Ek sels oplossingen sykje wie dreech. "We ha de minsken belle om harren reis te annulearjen foar de simmer, want dan wiene de kosten leger. Mar ek dat wie net te dwaan op in gegeven momint."
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Neffens Diemers-Hospes is de coronakrisis de grutste krisis dy't se ea meimakke hat. "We ha in hiel soad krisissen trochstien. Tink mar oan fulkaanútbarstingen, de Golfoarloch, SARS, 9/11", ferfolget Diemers-Hospes har ferhaal fol fertriet. "Mar dit is echt desastreus en in hiele grutte krisis."
In perspektyf seach se dan ek net mear. "We meie no wer op fakânsje, mar sa maklik leit it net." De nije boekingen komme sa fluch net binnen, want minsken bliuwe earst fuort. "De iennige boekingen dy't we ha, bin benammen omboekingen. Fan ôfrûne maart nei it nije jier. Minsken stean echt net fuort yn in rige foar it fleantúch."

Oar model

Diemers-Hospes giet no troch as selsstannige. "It fertsjinningsmodel is hiel krom", seit se. "We krije pas jild as de klant echt fuort is. Dat moat oars."
Jeannet Diemers-Hospes fan Reisburo Franeker