Wurknimmers Súdwest-Fryslân oer it gehiel tefreden oer harren wurkjouwer

18 jun 2020 - 22:21

Meiwurkers fan de gemeente Súdwest-Fryslân binne oer it gehiel wol tefreden oer harren wurkjouwer. Mar de beoardieling fan liedingjaanden liket nergens op. Dat docht bliken út it meiwurkerstefredenheidsûndersyk fan buro Effectory dat tongersdeitejûn oan de gemeenteried presintearre is.

It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

In tal fan de wurknimmers fynt de koers en de doelen fan de gemeente net altyd helder. En de ynterne kommunikaasje kin ek wol better. It ûndersyk giet oer it jier 2018.

Ferantwurdlik wethâlder Eric Faber is tefreden oer de útkomsten fan it ûndersyk. Hy fynt dat de gemeente der bêst grutsk op wêze mei dat se better út de bus komt as it gemiddelde fan de gemeenten yn Nederlân. Mar hy begrypt de krityk ek.

"Als je afspreekt dat je een jaarlijkse beoordeling krijgt, dan moet die ook gehouden worden. Dat is niet goed te praten en moet gewoon beter", seit hy. De krityk op it gebrek oan in heldere koers wurdt neffens him al oanpakt. It kolleezje hat krekt in koersnota útbrocht. "Als die in de raad wordt aangenomen, kunnen we dat heel goed vertalen naar alle afdelingen en alle teams van nou. Dat is de koers, dat is de richting, die kant gaan we op."

Kommunikaasje dreech

Faber snapt ek de krityk op de ynterne kommunikaasje. "Communicatie is echt een heel moeilijk ding. Hoe goed we ons best ook doen, helemaal goed krijg je het nooit."

Yn Súdwest Fryslân hat de lêste jierren de nedige ûnrêst west op polityk gebiet. De gemeente kampt ek mei in grut tekoart. Faber is der wiis mei dat dit blykber net soarge hat foar fermindering fan de wurkwille.

Ferantwurdlik wethâlder Eric Faber fan de gemeente Súdwest-Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)