Brune float hat tweintich miljoen euro nedich foar fuortbestean

18 jun 2020 - 22:09

Om de histoaryske syl- en motorskippen de krisis oerlibje te litten, is tweintich miljoen euro nedich. Dat hat de feriening foar beropscharterfeart BBZ berekkene. It bedrach komt boppe-op de maatregels dy't it kabinet al nommen hat.

Protest brune float foar Pampus - Foto: Nynke Elzinga

De organisaasje pleitet al langer foar in needfûns. Al yn april warskôge de feriening dat de maatregels dy't it bedriuwslibben stypje net genôch binne om foar te kommen dat ûndernimmers fallyt gean en dat der histoaryske skippen ferdwine sille. Skippers kinne no yn oanmerking komme foar in bedrach fan 4.000 euro.

Troch de coronakrisis moatte skippen alle reizen foar dit jier ôfsizze, seit BBZ. Regels oer it saneamde 'social distancing' kinne guon skippen helpe. Mei tweintich miljoen euro ekstra kinne de skippers it needsaaklike ûnderhâld oan harren skip betelje en dêrmei bliuwe de skippen behâlden.

Ferline wike fierden de skippers aksje foar in needfûns. Dat diene se by it eilân Pampus, flakby Amsterdam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)