Moasje om wolf út Fryslân te hâlden is praktysk en juridysk 'in kompleet drama'

It foarstel fan Provinsjale Steaten om de wolf út Fryslân te hâlden, is praktysk en juridysk 'in kompleet drama'. Dat seit wolve-saakkundige Glenn Lelieveld. In wike lyn besleat it Europeesk Hôf fan Justysje noch dat in wolf allinnich oanpakt wurde mei as er gefaar foarmet foar de minske, dat is no net it gefal.
© ANP
Boppedat is it praktysk sjoen folslein ûnútfierber, leit Lelieveld út. Partijen dy't de wolf út Fryslân hâlde wolle, neame ferdôvje en dêrnei útsette op in oare lokaasje as opsje. Lelieveld sjocht dat net sitten: "Een aantal jaar geleden was er een wolf in Fryslân. Die trok daarna langs Lelystad, Almere, Utrecht, Den Bosch en Eindhoven naar Vlaanderen. In die hele reis langs al die steden heeft niemand de wolf gezien. Dus hoe wil je een wolf verdoven, vangen en wegbrengen als je 'm niet eens ziet?"
Stél je vangt een wolf, dan vraag ik me af of er een bestuurder is die dapper genoeg is en zegt: kom maar hier met die wolf.
Wolve-ekspert Glenn Lelieveld
En yn it gefal dat in wolf al sjoen wurdt, dan noch: "Dan moet je in korte afstand komen met een verdovingspijl. Tegen die tijd is de wolf al lang weg. En stél dat lukt wel, dan vraag ik me af of er een bestuurder is die dapper genoeg is en zegt: kom maar hier met die wolf."
Lelieveld sjocht mear yn previntive maatregels. "Dat hebben we eerder in Heusden gezien, dan stopt de overlast en vertrekt de wolf. Er moeten bijvoorbeeld draden met stroom om het vee. Want een klap stroom op de neus van de wolf communiceert vrij duidelijk dat dat vee geen voedsel is. Je kunt beter inzetten op dat soort maatregelen, want die werken in elk geval en zijn juridisch haalbaar."

Dea kealtsje yn Donkerbroek

De moarn nei't Provinsjale Steaten de moasje tsjin de wolf oannaam, fûn boer Geert Mulder fan Donkerbroek in oanfretten, dea kealtsje yn syn lân. Yn earste ynstânsje tocht er dat de dieder in foks wie, mar miskien ek wol in wolf. Dna-ûndersyk moat útwize oft it yndie om in wolf giet.
Wyld bist slachtet kealtsje yn Donkerbroek
Krekt nei trijen nachts hearde boer Mulder in soad leven yn it lân. De kij balten en begûnen te draven. Hy tocht net fuort dat der wat slims oan de hân wie, de kij meitsje wol faker leven as der kealle wurde moat.
Tsjin seis oere moarns wit Mulder pas dat it goed mis is. Syn buorman fynt in dea, oanfretten kealtsje en warskôget de boer. It fleis is fan de bonken iten en der misse grutte happen út de romp fan it bistje. Fan de foarpoaten is hast neat mear oer, dy binne fan de romp ôfbiten. Ek de nekke is sawat fuortfretten.
Boer Geert Mulder oer syn deade kealtsje
Kij by it deade kealtsje (linksûnder yn byld) © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
"Ik ha dit gelokkich noch nea earder meimakke. Ik tocht dat keallen net oanfallen waarden troch wylde bisten yn ús lân en ha dat ek noch nea earder heard. Fraach is fansels oft in wolf west hat of in oar bist. Ik wit it net, mar der is safolle opfretten dat ik tink dat it in wolf is", seit boer Mulder.
Wolve-ekspert Glenn Lelieveld tinkt earder oan in foks. "Ik heb de foto met meerdere collega's bekeken. Ons vermoeden is dat dit een doodgeboren kalf is dat aangevreten is door een vos. Een wolf is meer een orgaaneter, die bijt zo door de ribbenkast heen en is op zoek naar hart en longen. Een vos heeft minder bijtkracht en er zijn hier zachtere stukken weggebeten."
Wolve-ekspert Glenn Lelieveld
Boer Mulder hat it oanfretten kealtsje ûnder in stik plastic ferstoppe © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Neffens it faunameldpunt 'Bij 12' binne der oanwizingen dat it wol om in wolf giet. Dêrom wurdt der dna-ûndersyk dien om dat út te wizen. As it yndie om in wolf giet, dan kin boer Mulder in berop dwaan op skeafergoeding. It komt neffens it meldpunt net faak foar dat in kealtsje oanfallen wurdt troch in wolf.