Reedrydster Femke Kok útroppen ta grutste talint fan it jier

18 jun 2020 - 20:59

Femke Kok is troch it reedridersbûn KNSB útroppen ta talint fan it jier. De 19-jierrige reedrydster út Nij Beets naam de Egbert van 't Oever Aanmoedigingsprijs yn ûntfangst yn Thialf op It Hearrenfean.

Femke Kok - Foto: www.orangepictures.nl

Kok bruts ferline jier troch by de senioaren. Se pleatste har op de 500 meter foar de WK ôfstannen en waard foar de twadde kear wrâldkampioen by de junioaren. Benammen har prestaasje op it NK ôfstannen yn desimber, dêr't se brûns op de 500 meter wûn, wie in hichtepunt.

Ein maart waard bekend makke dat Kok oerstapt nei Team Reggeborgh. Yn dit team wurdt se teamgenoat fan Ireen Wüst, dy't tongersdei de priis foar reedrydster fan it jier krige. Patrick Roest waard troch de KNSB útroppen ta reedrider fan it jier.

(advertinsje)
(advertinsje)