Sels fruit kweke populêr yn coronatiid: "Minsken binne bang dat de winkels leech reitsje"

18 jun 2020 - 20:15

De ferkeap fan fruitbeammen is flink tanommen de ôfrûne tiid. Dat seit fruitbeammekweker Johan Holtrop fan De Melkemahoeve yn Boarnwert. Holtrop seach syn omset yn guon produkten hast fiif kear grutter wurden.

Neffens Holtrop hat de tanommen ferkeap ferskate oarsaken. Troch de coronakrisis sitte in soad minsken mear thús en komme se derefter dat dat saaie sket of dy tún mei tegels eins hielendal net sa moai is om alle dagen tsjinoan te sjen.

Boppedat binne minsken neffens Holtrop troch de coronakrisis bang dat de winkels leech reitsje en it itensguod dêrom dan mar sels ferbouwe. Ek tinke hieltyd mear minsken nei oer wat se ite en wêr't dat weikomt. Se wolle witte wat se yn 'e mûle dogge. In eigen fruit- en grientetún is dan fansels it ultime bewuste iten.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Om't in soad fakânsjes net trochgean, mar minsken wol fakânsjejild krigen hawwe, wolle se it útjaan oan wat bliuwends. De kar falt dan foar in soad minsken op in beam. De beammen binne net om 'e nocht, dus dat ekstra fakânsjejild komt wol fan pas.

Produkten dy't dizze tiid goed rûnen wiene neffens Holtrop de saneamde 'hoogstam'-beammen. Dat binne hege beammen dêr't je in ljedder foar nedich hawwe om it fruit te plôkjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)