SC Cambuur "met bloedend voetbalhart" akkoart mei temjittekomming KNVB

18 jun 2020 - 18:39

Cambuur akseptearret mei tsjinsin de temjittekomming dy't it fuotbalbûn KNVB de klup betelje wol foar it misrinnen fan promoasje. Earder dizze wike waard dúdlik dat de KNVB ûngefear in bedrach fan 425.000 euro betelje wol oan Cambuur.

"Dit is voor ons zeker geen reden tot vreugde," sa seit direkteur Ard de Graaf op de webside fan de klup. "Het is met een bloedend voetbalhart dat we akkoord zijn gegaan met deze tegemoetkoming."

SC Cambuur stie mei ôfstân boppe-oan yn de earste difyzje en wie op wei nei promoasje, mar nei't de KNVB it seizoen ôfbruts fanwegen it coronafirus, besleat it bûn ek dat der gjinien promovearje soe.

"Er is een voorstel gedaan aan alle clubs in het betaald voetbal, een soort solidariteitsplan," sa seit direkteur Ard de Graaf tsjin Omrop Fryslân. "Dat is door de topclubs betaald. Cambuur krijgt 425.000 euro en daar hebben we ja op gezegd. Daar komt nog wat geld bij."

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Leaver promoasje

De Graaf is net bliid mei de beslissing fan it fuotbalbûn, want hy hie leaver promovearje wollen. "Met die 425.000 kunnen we volgend jaar wel uit de voeten. Het is nooit genoeg om de hele schade te dekken, maar daarom is het ook een tegemoetkoming."

De blik fan de Ljouwerter klup giet mei it akseptearjen fan it jild no op de earste difyzje. De striid om dochs promoasje ôf te twingjen tsjin de KNVB wurdt staakt, seit De Graaf. "We moeten als club door en niet blijven hangen in negativiteit."

Cambuur-direkteur Ard de Graaf oer de temjittekomming fan de KNVB

(advertinsje)
(advertinsje)