Gjin Oerol: "Mensen ontdekken een heel andere kant van Terschelling"

18 jun 2020 - 17:37

Ek al is der gjin regulier Oerol dit jier, dochs binne der aardich wat minsken dy't toch nei Skylge kommen binne. Neffens it VVV binne der op it stuit sa'n 17.000 gasten op it eilân.

Dat is noch hieltyd in stik minder as by in gewoane edysje fan Oerol. Dan komme der oer de hiele perioade mear as 40.000 minsken. Dochs begjint de drokte op it eilân yn dizze coronakrisis stadichoan wer in bytsje ta te nimmen.

Grut probleem is noch wol de kapasiteit fan de boaten, jout direkteur Michel Aaldering de VVV ta. De rop fan de ûndernimmers is om dy omheech te bringen nei 60 prosint. "De capaciteit is inmiddels van 40 naar 50 procent gegaan en we willen graag nog meer, maar hier moeten we toestemming voor hebben."

Libbenens op Skylge nimt ta

No't de hoareka wer iepen is en de toiletgebouwen op campings wer brûkt wurde kinne, hat Aaldering it idee dat de libbenens op it eilân wer wat tanimt. Ek it Oerol-publyk dat dochs besletten hat te kommen, draacht dêr oan by.

"Wat wel leuk is om te zien dat mensen zich op een hele andere manier vermaken", seit Aaldering. "Ze zijn veel minder gejaagd en leren het eiland op een andere manier ontdekken en wisten niet dat het eiland zo mooi was, ook al komen ze hier bij wijze van spreken al tien jaar op Oerol."

(advertinsje)
(advertinsje)