Oprop oan sponsors Sinteklaasyntocht Ljouwert: "Hâld op mei Swarte Pyt"

De sponsors fan it Sinteklaasfeest yn Ljouwert wurde oproppen om op te hâlden mei Swarte Pyt. Se ha dêr tongersdei in brief oer krigen, ûndertekene troch ferskate minsken út de Fryske kulturele wrâld. Takom wike wurdt der mooglik in beslút nommen oer de kleur fan Swarte Pyt yn Ljouwert.
Oprop oan sponsors Sinteklaasyntocht Ljouwert
It inisjatyf komt fan Marleen Nagtegaal fan Ljouwert. Sy is artistyk lieder fan it festival Explore the North, mar docht de oprop oan de ûndernimmers dy't de yntocht sponsorje op persoanlike titel.
De brief dy't sy nei de sponsors stjoerd hat, is ûndertekene troch ferskate minsken út de Fryske kulturele wrâld sa as kultuerwethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert, direkteur Siart Smit fan Oerol en Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja. "Dit zijn mensen die opkomen voor zichzelf en hun medeburgers en die vinden dat het kwetsen van mensen met een andere huidskleur dan de witte moet stoppen", sa skriuwt Nagtegaal yn de brief.
Marleen Nagtegaal © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Ferline wike sneon wie der in antyrasismedemonstraasje yn Ljouwert. Der kamen mear as 2.500 minsken op ôf. Doe waard net allinne protestearre tsjin diskriminaasje, mar ek tsjin Swarte Pyt. "De verhalen van de mensen die tijdens het protest spraken lieten weinig aan de verbeelding over", seit Nagtegaal. "De diepe psychologische wonden van racisme, waaronder in de vorm van Zwarte Piet werden zichtbaar. Op het podium en op het veld stonden diepgekwetste mensen."

"Het feest kan een feest blijven"

Nagtegaal hopet dat de Stichting Intocht Sinterklaas (SIL) Swarte Pyt ôfskaffe sil. "Afscheid nemen van Zwarte Piet doet niemand werkelijk pijn. Het laat geen littekens achter op de ziel. Sinterklaas kan gewoon komen. Het feest kan gewoon een feest blijven."
It bestjoer fan SIL praat nije wike oer de kwestje en nimt dan mooglik in beslút oer de kleur fan Swarte Pyt.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust spruts mei Marleen Nagtegaal