Jouster krijt healjier selstraf omdat er hage fan âlde freon yn brân stuts

In 52-jierrige Jouster moat in goed healjier de sel yn omdat der de hage fan in hûs yn Donkerbroek yn 'e brân stuts. Hy hat ek in jier selstraf ûnder betingst krigen. It healjier hat de man yn foararrest al útsitten.
Rechtzaal © Shutterstock.com
De man en de bewenner fan it hûs yn Donkerbroek wiene bekenden. Se wiene earder freonen. De Jouster hie de oare man 250 euro liend, mar krige it net werom. Begjin augustus krige de Jouster, sa't er sels sei, "ineens de kolder in de kop".

Seis heale liters bier achter de kiezzen

Doe't er seis heale liters bier op hie, stapte er yn de auto nei Donkerbroek, mei twa jerrycans benzine yn de kofferbak. Hy stuts in hage yn de fik, wêrnei't de brân oersloech nei in kliko.
Neffens de offisier fan justysje hie it noch folle minder ôfrinne kind: it fjoer hie fia in houten skuorre oerslaan kind nei it hûs. In buertbewenner seach de brân lykwols op tiid en warskôge de bewenner, dy't op dat stuit slepte.

Yn behanneling

De Jouster wie minder tarekkenber. Hy moat him behannelje litte en krijt fan de rjochtbank in alkoholferbod. Fierder moat er wurkjen bliuwe op de soarchbuorkerij fan Verslavingszorg Noord-Nederland.