Minister Grapperhaus bringt wurkbesite oan Ljouwert

18 jun 2020 - 15:52

Minister Ferd Grapperhaus fan Feiligens en Justysje hat tongersdei in wurkbesite brocht oan Ljouwert. Mei boargemaster Sybrand Buma gie er by ferskate ynstânsjes del yn de haadstêd fan Fryslân.

Sa wienen se by it Centraal Justitieel Incassobureau (CJIB) en it opliedingssintrum ROC Friese Poort. De minister hat mei studinten in game spile oer cybercrime en hy spruts mei plysjes en boa's dy't te meitsjen hân ha mei driging en geweld.

De minister wie ek oanwêzich by in mienskiplike kontrôle fan gemeente en plysje op mooglike yllegale aktiviteiten yn ferskate loadsen op it Ljouwerter yndustryterrein Hemrik.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De gemeente Ljouwert wol de kommende tiid mear kontrôles hâlde om de saneamde ûnderminende kriminaliteit op te spoaren. Dat is kriminaliteit dêr't de ûnderwrâld en de boppewrâld harren mei-inoar ferminge.

By ynfallen op de Hemrik yn Ljouwert waard yn ferskate garaazjeboksen drugs, munysje en apparatuer foar hennepkwekerijen oantroffen.

Harkje nei de bydrage oer de wurkbesite fan minister Grapperhaus

(advertinsje)
(advertinsje)