Plysje pakt trije Brabânske sloepdieven op yn Snits

18 jun 2020 - 15:37

De plysje hat woansdei yn Snits trije fertochten oanhâlden op fertinking fan it stellen fan njoggen sloepen. De boaten, mei in totale wearde fan goed 300.000 euro, waarden de ôfrûne moannen stellen út Fryslân, Noard- en Súd-Hollân en Oerisel.

Foto: Politie.nl

De plysje hat op meardere plakken yn ús lân trochsikingen dien. Dêrby binne ien sloep en twa auto's yn beslach nommen. Yn totaal binne twa sloepen opspoard, mar de oare sân binne noch poater. Se ferdwûnen op ferskate plakken, wêrûnder yn Wâldsein en Jutryp. Yn Wyns waard besocht in sloep te stellen, seit wurdfierder Ernest Zinsmeyer fan de plysje.

Ien fan de saken waard begjin dizze moanne behannele yn it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht. Dat gie oer in saak út Kampen. Nei oanlieding fan de útstjoering begûn de saak dúdliker te wurden.

Brabânske fertochten

Der binne woansdei trije fertochten oanhâlden. It giet om in 60-jierrige man út Oss, in 53-jierrige man út Den Bosch en in jonge fan 16 jier, ek út Den Bosch. Se sitte noch fêst en wurde heard. De resjerzje slút net út dat der noch mear fertochten oppakt wurde.

De plysje hat foar it ûndersyk gearwurke mei oare ienheden en de Dienst Infrastructuur fan de Landelijke Eenheid.

Ernest Zinsmeyer fan de plysje

Trefwurden: 
plysje stellerij Snits sloep
(Advertinsje)
(Advertinsje)