"Middelber ûnderwiis moat nei de simmer wer folslein iepen"

Middelbere skoallen moatte nei de simmerfakânsje wer hielendal iepen. Dy rop wurdt hieltiten sterker. Net allinne âlden, mar ek mear leararen en skoallen wolle it. Se sizze dat de kwaliteit fan it ûnderwiis efterút giet, no't skoallen sawol yn 'e klasse as online les jouwe. Ek de bern sels hawwe ferlet fan kontakt.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De kwestje wurdt takom wike bepraat yn it Outbreak Management Team. Dan wurdt ek sjoen nei de besmetlikheid fan bern tusken de 12 en de 18 jier.
Neffens bestjoerder Wiebe Wieling fan de skoallen Piter Jelles en Simon Vestdijk moat de hjoeddeiske coronawurkwize op middelbere skoallen net te lang mear trochgean. "Al is der goed wurk ferrjochte, op in pear minsken nei wol elkenien wer byinoar komme", neffens Wieling.

"Net oars op te lossen"

Foar it grutste part fan de middelbere skoallen is der romteproblematyk. Wieling: "Wy kinne mei de regels fan oardel meter ôfstân mar in tredde part fan ús seistûzen learlingen yn 'e gebouwen hawwe. Dat is net op in oare wize op te lossen, dat kin allinne as de skoallen nei de simmerfakânsje wer iepen geane."
Op de skoallen sels wurdt op dit stuit al goed om de ôfstân tocht. Ek binne oeral ûntsmettingsmiddelen oanwêzich. Mar it grutste probleem is de kapasiteit; dy bliuwt mei de maatregels mar beheind.

Sosjaal kontakt

Net allinne wurdt dat de kwaliteit fan it ûnderwiis wer better as de skoallen folslein iepen geane, ek op it mêd fan it sosjaal kontakt kin dan wer in ynhelslach makke wurde. "Bern misse it sosjale kontakt ûnderling, mar ek dat tusken dosint en learling. Dat moat der wer folle mear komme."
Skoalbestjoerder Wiebe Wieling