Plysje docht ynfal yn bedriuwsunits yn Ljouwert

18 jun 2020 - 11:58

De plysje hat tongersdeitemoarn in ynfal dien yn bedriuwsunits oan de Apollowei op bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert. It is noch net bekend wêrom't der ûndersyk dien wurdt.

Foto: CAMJO Media

Ferskate ienheden binne útriden en ek de gemeente is oanwêzich. Eigeners fan de units binne belle om harren doar te iepenjen. De plysje docht ynfallen yn de pannen dêr't de eigeners net fan opdaagjen komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)