Twivel oer draachflak foar Coöperatie regio Appelscha 3.0

De riedsfraksjes yn Eaststellingwerf twivelje oer it funksjonearjen fan de Coöperatie regio Appelscha 3.0. De koöperaasje is ein 2019 oprjochte en krige yn febrewaris 2019 300.000 euro foar in perioade fan twa jier om de rekreaasje en toerisme yn de folsleine gemeente te stimulearjen. Dat moat liede ta mear toeristen, hegere bestegings en mear banen.
Appelskea fan de Bosbergtoer ôf © Ronnie Porte
Yn it earste jier is jild oerbleaun fan it beskikbere budzjet. Wethâlder Fimke Hijlkema oerwaget om der noch in jier oan fêst te knoopen, mei fanwegen de coronakrisis. WijLokaal en de ChristenUnie binne lykwols kritysk, om't de koöperaasje al twa jier tiid krigen hat om har doelen te beheljen.

Ferbiner

Der binne soargen yn de ried oft de koöperaasje wol de hope ferbiner is tusken alle toeristyske ûndernimmers, om't de ledegroei stagnearje soe en leden sels fuortgean. Der wiene oan it begjin 13 leden, neffens de wethâlder no noch 12.
Ooststellingwerfs Belang tinkt dat de progresje ek bûten Appelskea stagnearret. Yn de publike opiny is de koöperaasje neffens de partij allinnich rjochte op Appelskea en net op alle toeristyske ûndernimmers yn de gemeente.

Bosbergtoer

De ferheging fan de toeristebelesting yn 2021 en de problemen mei it tagongssysteem fan de Bosbergtoer binne ûnderwerpen dy't de koöperaasje sels ek beneamt as knyppunt. Los fan de problemen mei it tagongssysteem is it ek noch de fraach oft de toer op 1 july wer iepen kin.
Ferskate fraksjes fine de eksploitaasje fan de toer gjin taak foar de koöperaasje, dy't dêrfoar yn de eigen begrutting wol ynkomsten en kosten rûsd hie. De histoaryske feriening wol dat de wethâlder de toer beheart. Dy wol dêrop net foarútrinne, want alle opsjes lizze noch yn it foarjier fan 2021 op tafel.