Krekt wat minder útkearingen yn Fryslân, mar ek folle minder fakatueres

18 jun 2020 - 11:36

It tal minsken mei in útkearing yn Fryslân is ferline moanne krekt wat minder wurden. It sifer gie yn maart en april flink omheech, as gefolch fan de coronakrisis.

Foto: ANP

Dat it tal yn maaie wat minder waard, komt omdat minder minsken yn de bou, de lânbou en parten fan de yndustry in útkearing oanfregen. Yn oare sektoaren, lykas de hoareka, de skjinmak en de hannel naam it tal minsken ta, dat oanwiisd is op in útkearing.

Minder fakatueres

Troch de koronakrisis rûn it tal fakatueres ek werom, foaral yn administrative beroppen. Der is noch wol in protte fraach nei technysk personiel, ict'ers en soarchpersoniel.

Ein maaie hiene 11.761 minsken yn Fryslân in WW-útkearing. Dat is 3,5 persint fan de Fryske beropsbefolking. It tal útkearingen naam yn maaie mei 48 ôf. De coronakrisis soarget foar in enoarme delgong fan it tal fakatueres. Healweis maart, foar de coronakrisis, wiene der noch 4.600 fakatueres. Begjin maaie wiene dat der noch mar 3.100 yn ús provinsje.

Trefwurden: 
UWV útkearing wurkleazens
(Advertinsje)
(Advertinsje)