Underhâldswurk hierwenningen wurdt stadichoan wer opstart

Nei goed trije coronamoannen set sosjaal ferhierbedriuw WoonFriesland, mei sa'n 20.000 wenten yn de provinsje, wer útein mei reparaasjes en it ûnderhâldswurk oan syn hierhuzen. Allinnich mar de driuwende reparaasjes waarden de ôfrûne tiid útfierd.
© ANP
Dêrtroch lizze der no noch aardich wat reparaasjefersiken op tafel by WoonFriesland. "We hebben de afgelopen tijd alleen spoedvragen afgehandeld", fertelt Annemarieke Voortman fan it ferhierbedriuw. "Dat betekent dat mensen met gewone reparatieverzoeken hebben moeten wachten." Yntusken is WoonFriesland dêr stadichoan wer mei úteinset. "Dat geldt ook voor het tuinonderhoud en het buitenschilderwerk. Ook beginnen we nu weer met de woningverhuur."

Tûzen reparaasjefersiken

Der lizze neffens Voortman noch sa'n tûzen reparaasjefersiken dy't de kommende tiid útfierd wurde. "Deze verzoeken kunnen wij uitvoeren, ook op anderhalve meter afstand. We hebben een team van 35 mensen die daar aan de slag mee gaan. Ik verwacht dat ze daar zo'n zes tot acht weken aan kwijt zijn."
Oare wurksumheden, lykas op it dak, it ferfangen fan in cv-tsjettel en wurk oan 'e keuken, moatte noch efkes wachtsje. "Dat doen we nog niet, omdat dat moeilijk is met de coronamaatregelen. Behalve als het een spoedgeval is, dan lossen we het op." Itselde jildt foar minsken dy't yn 'e risikogroep falle; allinne foar needsaaklike reparaasjes giet WoonFriesland by harren del.

Hierders yn 'e problemen

De ôfrûne moannen hat WoonFriesland fan sa'n fjirtich hierders berjocht hân dat sy yn 'e problemen kamen fanwegen de coronakrisis. Dêrfoar hat it ferhierbedriuw in regeling troffen. Voortman: "Met hen hebben we bijvoorbeeld een betalingsregeling getroffen. Dan kun je denken aan het aanpassen van betalingstermijnen en dergelijke." WoonFriesland ferwachtet dat der de kommende moannen noch mear hierders binne dy't yn 'e problemen komme kinne.
Annemarieke Voortman fan WoonFriesland