Kollum: "Feroaring"

"It ynternet biedt soms moaie observaasjes oer 'e wrâld, lykas it fenomeen datst op kaarten ûntdekke kinst dat der in eilân bestiet dat yn in mar leit, dat op in eilân leit, dat yn in mar leit. Snapst it noch? Dat is wêr't ik oan tinke moat as ik oan Ljouwert tink.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Miskien is it mei Ljouwert al misgien doe't de magistraten der yn 'e sechstjinde iuw telâne kamen; wa't ea yn it Stadhouderlijk Hof west hat, wit hoe net-Frysk oft it dêr is. Prachtich hear, dêr net fan, alteast, as je ek hâlde fan it moderne generike hotelketendesign. Ljouwert ferlear dat gouden ferline, en it is in wet fan 'e wrâld dat de minske dy't in goude ferline ferliest, foar de rest fan 'e skiednis eangstich wurdt foar feroaring.
De lucht fan in âld-residinsje, fan de adel oan 'e Iewâl en de rest fan 'e âlde binnenstêd, is nea fuort lutsen. Yn Ljouwert prate se gjin Frysk. Der is dêr in ûnbegryplike oanstriid om te konformearjen oan wat âlds dat der ea west hat. En as je dat feroarje wolle, dan krigest kneppelfreed en set de haadstedlike plysje it wetterkanon op foarbygongers, en moatte krityske sjoernalisten en steateleden fan bûten foar it gerjocht komme. De magistraten fan de haadstêd libben op in eilân.
En dan hjoed-de-dei. De moard op de safolste Afro-Amerikaanske boarger troch in Amerikaanske plysjeman is de oanlieding ta wrâldwide protesten, ûnder de namme Black Lives Matter. Net nij. Mar al belangryk. Omdat de tastân mar dreech feroarje wol. Minsken mei in donkere hûdskleur wurde systematysk diskriminearre. It libben fan in minske fan kleur is dreger. Dat betsjut net dat myn libben as wyt persoan net dreech is, mar de ferhalen fan minsken fan kleur binne soms net te leauwen. In donkere studint fan njoggentjin seit dat hy oan 'e rinnende bân oanhâlden en fûilleare wurdt. Net om't er wat ferkeard docht, mar allinnich omdat er dêrfan fertocht wurdt. Dat ha wite minsken net.
Bûten it eilân Ljouwert feroaret op it stuit in soad. Grutte merken as Nike ferbine harren oan Black Lives Matter. Wetjouwing yn de Feriene Steaten wurdt oanpast. Der wurdt serieus praten oer it herfoarmjen fan de plysje dêr. Yn Nederlân giet it net sa hurd, mar premier Mark Rutte makke bekend dat hy al oars tsjin de figuer Swarte Pyt oansjen gien is. Dat is in kearpunt, al is it wol hiel minimaal.
Mar dan Ljouwert. 'De yntocht fan Sinteklaas yn Ljouwert sil dit jier 'gewoan' mei swarte piten wêze', sa berjochte de Omrop dizze wike. Foarsitter fan 'e Sinterklaasyntocht Cees Anceaux joech in magysk realistysk ynterview op dizze stjoerder, wêryn't hy sei dat hy hartstikke tsjin diskriminaasje is en hartstikke foar de demonstraasjes is. Mar de ferbining mei Swarte Pyt is wat him oanbelanget fan 'e sotte.
Dan, bêste Cees, stiesto as in plysjeman op kneppelfreed de merkbesikers plat te spuitsjen. Dan hast der wier neat fan begrepen. 'Het is geen makkelijke klus, dat voorzitterschap', seit Anceaux ek noch, yn in slop besykjen om himsels te ferekskusearjen foar syn eangst foar feroaring.
Swarte Pyt is rasisme. Begryp dit goed, Anceaux: do bist net in rasist, mar Swarte Pyt is rasisme, en do kinst al in anty-rasist wurde. Swarte Pyt is rasisme. Dêr twivelet wier nimmen mear oan, ast hearst hoe't minsken fan kleur, bern fan kleur, it hiele jier troch sjoen wurde as Swarte Pyt, en hoe fernederjend se dat fine. Dat is wêr't Black Lives Matter oer giet. Dat is wêrom't der yn it hiele lân piten net mear hielendal swart binne. Ljouwert is gjin eilân, en we meie no Frysk prate yn de Ljouwerter rjochtbank.
It iennige dat Anceaux en al dy Ljouwerter frijwilligers fan 'e yntocht hoege te dwaan, is harren in kear ynlibje yn in oar. Tink dy ris yn. Soesto in swarte hûdskleur ha, hoe soe dat wêze. Dat is alles. Dit feroarjen is net in foarm fan konformearjen, dit is in oar sa behannelje asto sels behannele wurde wolst. Cees Anceaux, do kinst kieze. Wolsto de Ljouwerter magistraat wêze dy't eangstich is foar feroaring, of wolsto de man wêze dy't de skiednis yngiet as de foarsitter dy't in ein makke oan in rasistyske utering yn in bernefeest. Do hast de kar."