Aksje TreeTag yn Fryslân freget omtinken foar it belang fan beammen

18 jun 2020 - 07:45

In soad beammen yn ús lân krije fan tongersdei ôf in saneamde TreeTag. Bysûndere beammen wurde fan posters foarsjoen, om te fertellen hoe wichtich se binne foar de minsken en de maatskippij. Ynwenners wurde dêrby belutsen trochdat sy harren eigen favorite beam tagge kinne.

Mear romte foar jonge leafbeammen - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Yn Fryslân wurde tongersdei ûnder oare yn Burgum, Hurdegaryp, Ljouwert en op It Hearrenfean en De Jouwer tags ophongen. De aksje spilet net allinnich yn hiel Nederlân, mar ek yn lannen als België, Ingelân en Sweden. Mei de aksje wolle de organisatoaren omtinken freegje foar it belang fan beammen foar ús libben.

"In beam is goed foar minsken en it miljeu, mar mei dizze aksje wolle wy minsken sjen litte wat in beam no echt opsmyt. Wy hawwe, mei in bedriuw út Ingelân en Amearika, in formule betocht om ynsichtlik te meitsjen hoefolle soerstof in beam foar ien persoan opsmyt en foar hoefolle dagen, hoefolle luchtfersmoarging dy opfangt, mar ek foar hoefolle autokilometers dy beam garant stiet", leit Evert Johan van der Meulen fan de organisaasje út.

Bewustwurding

De tags wurde oan de beam fêstmakke mei in biologysk ôfbrekber toutsje. Van der Meulen: "We slaan gjin spikers yn de beam en plakke de tags der net op."

Yn totaal wurde op 150 beammen yn 57 gemeenten tags ophongen. "We hoopje dat minsken in oar byld fan beammen krije. It is in stikje bewustwurding en ynsicht."

Evert Johan van der Meulen oer de aksje

Trefwurden: 
beammen beam TreeTag
(Advertinsje)
(Advertinsje)