FNP: "Tafersjoch op behâld fan it Fryske lânskip moat folle better"

18 jun 2020 - 07:05

It provinsjaal tafersjoch op it behâld fan it Fryske lânskip moat folle better. Dêrfoar pleitet de steatefraksje fan de FNP. Neffens de partij wurdt der hieltyd mear yllegaal kapt yn 'e provinsje. Ek ferdwine stadichoan de karakteristike beamwâlen en -singels.

In nij stek wurdt pleatst by in beamwâl - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Om't de provinsje de ôfrûne jierren wol subsydzje joech foar it behâld fan it Fryske lânskip, moat dy dêr folle better op tasjen, fynt de partij. Neffens steatelid Wopke Veenstra giet it benammen dêr mis, by it tafersjoch.

"Jierrenlang subsydzje"

"Sa no en dan ferdwynt der wat", doelt Veenstra op de beamwâlen en -singels. "Der binne singels by, dy hawwe jierrenlang ûnder subsydzje fallen. En no ferdwine de singels, om grutte perselen te krijen. Dat is jild dat oer de balke smiten wurdt. Dat moat net meie."

De FNP wol fan it kolleezje fan Deputearre Steaten witte hoe't it sit mei de hanthavening, en oft der wat oan dien wurde kin.

Steatelid Wopke Veenstra fan de FNP

(Advertinsje)
(Advertinsje)