Yntochtfoarsitter oer Swarte Pyt: "Eerder misschien te enthousiast in mijn uitspraken"

18 jun 2020 - 06:35

Komme der yn Ljouwert no wol of net swarte piten by de yntocht fan Sinteklaas? Twa dagen nei't de foarsitter fan de Ljouwerter Sinteklaasyntocht tsjin Omrop Fryslân sei dat de oanwêzigens fan Swarte Pyt net ta diskusje stiet, skreau de Leeuwarder Courant dat der, neffens dyselde foarsitter, dit jier gjin swarte piten binne by de yntocht. Hoe sit dat?

Foto: Omrop Fryslân

Ofrûne moandei sei Anceaux noch: "Wij hebben nog steeds het gevoel dat Zwarte Piet in Leeuwarden niet ter discussie staat." Wat is der sûnt dy tiid feroare? "Er is sinds die tijd heel veel op me afgekomen. Het leek net, en dat was niet de bedoeling, alsof wij de discussie niet aan willen gaan. En in de krant staat zelfs dat wij conservatief zijn. Dat zijn wij zeker niet", seit Anceaux no.

Ree om te harkjen

It bestjoer hat ynhâldlik noch net diskusjearre oer de kleur fan de piten, om't noch net wis wie oft der überhaupt in yntocht komme soe, sa leit Anceaux út. Neffens him is it bestjoer fan de Ljouwerter yntocht lykwols ree om te harkjen. No't der in soad druk op harren lein is út de polityk en ûndernimmers wei, wol it bestjoer de diskusje wer oangean. "Ik draai mijn mening niet 180 graden om, maar we moeten dit onderwerp nog wel serieus voor dit jaar bespreken."

Net in polityk beslút

Anceaux syn útspraken diene in soad stof opwaaien en der kamen ek fûle reaksjes út de polityk wei. Sa sei ferantwurdlik wethâlder Sjoerd Feitsma dat de yntocht fan Sinteklaas mei swarte piten echt net mear kin. Anceaux: "Het is geen politiek besluit. De politiek mag er iets van vinden, maar het is een besluit van de stichting zelf. Door commotie die buiten ons is ontstaan, wordt Zwarte Piet ter discussie gesteld. Maar we kunnen er niet omheen dat we inhoudelijk deze discussie moeten voeren."

'Te entûsjast'

De foarsitter seit dat er earder 'miskien te entûsjast' wie yn syn útspraken. "Maar als de maatschappelijke discussie zo hevig is, moet je ook durven zeggen dat je er nog eens goed over na gaat denken." It bestjoer hat nei oanlieding fan alle opskuor gjin moasje fan wantrouwen útsprutsen tsjin de foarsitter en hy kin dus gewoan oanbliuwe.

Folgjende wike giet it bestjoer fan de Sinteklaasyntocht om tafel oer de kleur fan de piten. Anceaux: "Wij gaan nu luisteren naar wat er gebeurt en daarin ons standpunt aannemen."

Cees Anceaux, foarsitter fan de Sinteklaasyntocht yn Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)