Steaten stimme foar liening fan 2 miljoen oan Thialf

17 jun 2020 - 22:00

In mearderheid fan Provinsjale Steaten is foar it herstelplan fan Thialf. By de stimming yn it Provinsjehûs stimden woansdeitejûn 30 fan de 40 oanwêzige steateleden foar it útstel om twa miljoen euro yn de iishal op It Hearrenfean te stekken.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

De gemeente Hearrenfean stekt hast ien miljoen euro yn Thialf. De provinsje en de gemeente Hearrenfean binne tegearre oandielhâlder fan Thialf.

Lanlik topsportsintrum

Provinsjale Steaten namen ek de moasje fan de PvdA oer om fan Thialf in nasjonaal topsportsintrum foar wintersport te meitsjen. Boppedat hawwe Provinsjale Steaten besletten in ûnôfhinklik ûndersyk dwaan te litten nei de beslútfoarming oer de fernijbou fan Thialf.

Rekkenkeamer

De moasje is yntsjinne troch de folsleine opposysje en unanym oannaam. It ûndersyk sil dien wurde troch de Noardlike Rekkenkeamer.

Opposysjepartijen yn de Steaten joegen earder oan dat se twa miljoen euro foar Thialf te folle fine en woenen leaver acht ton jaan om de akute problemen op te lossen en oare partijen lykas de KNSB te twingen ek mei te beteljen.

(advertinsje)
(advertinsje)