Wolf is net wolkom yn Fryslân, fine Provinsjale Steaten

De wolf is net wolkom yn Fryslân. Dat is de útkomst fan de stimming fan woansdeitejûn yn Provinsjale Steaten. Fjouwer partijen (VVD, CDA, Forum voor Democratie en PVV) hiene in moasje yntsjinne om foar te kommen dat de wolf him yn Fryslân fêstiget.
© ANP
De moasje waard ek stipe troch de ChristenUnie en dêrmei wie der in lytse mearderheid (21-19). No't de moasje oannaam is, moat der in plan fan oanpak komme om de wolf út de provinsje te hâlden.
Inisjatyfnimmer fan de moasje en bioboer Marten Dijkstra (VVD) omskriuwt de opstelling fan it provinsjaal bestjoer oant ta as 'te passyf' en 'te nayf'.

Wolffrije provinsje

"Wy hawwe it ûnderwerp op de kaart set en se moatte hjir no mei oan de slach. De provinsje moat der by it Ryk op oanstean dat Fryslân oanwiisd wurdt as wolffrije sône yn it nasjonaal wolveplan", seit Dijkstra.

Europeeske beskerme bistesoart

Neffens deputearre Klaas Fokkinga kin oer in echt goede oanpak fan de wolf de provinsje net beslute. De wolf is ommers yn Europa in beskerme bistesoart. Boppedat spilet it wolveprobleem hjir net sa bot. "Inkeld yn Súdeast-Fryslân binne in pear sjoen. Ik wenje yn Noardeast-Fryslân en dêr haw ik noch nea in wolf sjoen. Ast it echt goed oanpakke wolle, moatte jo hegerop, want der binne Europeeske ôfspraken oer makke."

"Foksen en oare rôvers meitsje mear slachtoffers as wolf"

Yn Fryslân binne oare rôfdieren folle gefaarliker, lykas foksen en marterachtigen en de fijannen fan de greidefûgels. Fierders blykt út ûndersyk dat, as der skiep deabiten binne, hûnen dat faak dien hawwe, seit Fokkinga. Boeren dy't skea hawwe, kinne in fergoeding krije.
VVD-steatelid Marten Dijkstra oer it doel fan de moasje