Gemeenteried jout tastimming foar nije wenningen yn Haulerwyk

Oan de Meester van Ekstrjitte yn Haulerwyk meie sân nije wenningen boud wurde. De gemeenteried fan Eaststellingwerf sjocht gjin beswieren, sa docht bliken út in kommisjegearkomste.
© Omrop Fryslan
Yn it ekologysk rapport oer it gebiet waard noch sprutsen oer beammen dêr't mooglik flearmûzen yn libje. Dy beammen steane wenningbou lykwols net yn it paad, sa fynt de ried. Om de wenningbou mooglik te meitsjen, moat der noch wol in bestimmingsplan komme.
It CDA spruts woansdeitejûn de hoop út dat de wenningen oanslute by de winsken fan it doarp. De VVD fûn it goed dat der wer in plak yn 'e gemeente fûn is dêr't duorsume huzen boud wurde kinne.