Slieker hat mear as helte fan jild mei help fan publyksaksje binnen

De teller fan de crowdfundings-aksje fan Ljouwerter filmhûs Slieker stiet op 16.000 euro. Dêrmei hat it filmhûs nei trije wiken al mear as de helte fan it bedrach binnen dat se op it each hiene. Om de coronakrisis te oerlibjen, wol Slieker 30.000 euro byelkoar garje. It jild dat no ophelle is, komt fan mear as 500 ferskillende donateurs.
Filmhûs Slieker yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Sûnt 1 juny meie der wer tritich minsken op oardel meter yn de sealen sitte, mar dy fan Slieker binne sa lyts dat se net iens oan dy tritich komme kinne. Ek merkt it filmhûs dat in soad minsken noch huverich binne om alwer yn sa'n seal te sitten om in film te sjen.
"Dat er zo veel mensen hebben gedoneerd doet ons goed. De massale steunberichten die we krijgen zijn erg bijzonder. Je merkt dat Slieker belangrijk is voor veel mensen in Friesland. We gaan vol goede moed verder om ook de andere helft binnen te halen, want dat is met de huidige zaalbezetting hard nodig" seit Johan van Oijen fan Slieker Film yn in parseberjocht.