Fjouwer gevels yn Fryslân hawwe gjin brânfeilige beklaaiïng

17 jun 2020 - 18:14

Yn Fryslân stean fjouwer gebouwen mei in brângefaarlike gevelbeklaaiïng. Dat stiet yn in artikel yn de Volkskrant.

Foto: Shutterstock.com (herjua)

Alle gemeenten yn Nederlân hawwe fan de minister fan Ynlânske Saken opdracht krige te ynventarisearjen hoefolle gebouwen oft der yn harren gemeente binne mei in gevelbeklaaiiïng dy't brânber is. Oanleiding dêrfoar is de brân yn in flatgebou yn Londen. Dêrby kamen tachtich minsken om it libben, ûnder oare omdat de flammen harren rap ferspriede koene fanwege de gevelbeklaaiïng.

Fan de gebouwen mei brângefaarlike gevels stean trije yn de gemeente Súdwest-Fryslan en ien yn de gemeente Ljouwert. De gemeenten wolle net sizze om hokker gebouwen oft it giet. Se wolle earst mei de eigeners prate. Yntusken binne der al wol maatregels troffen, sa litte wurdfierders witte.

Trefwurden: 
gevel brângefaarlik
(advertinsje)
(advertinsje)