"Net twa miljoen mar acht ton foar Thialf"; partijen binne kritysk oer liening

17 jun 2020 - 16:55

Opposysjepartijen yn de Steaten fine twa miljoen euro foar Thialf te folle. Se jouwe leaver acht ton om de akute problemen op te lossen en oare partijen lykas de KNSB te twingen ek mei te beteljen. De finansjele sitewaasje by it iisstadion is min omdat de eksploitaasje net rûn te krijen is.

GrienLinks wol wol helpe, mar net allinnich Fryslân hoecht ta de bûse, seit Elsa van der Hoek. "Als we dat faseren en ze krijgen eerst acht ton zodat ze het einde van het jaar kunnen halen en niet meteen failliet gaan, dan kijken we daarna welke stappen er komen voordat we een toezegging doen voor dat andere geld. We zijn bang dat we anders over een jaar hier weer staan en dat weet ik niet of er nog wel zoveel steun is. Wij als provincie zijn niet als enige verantwoordelijk daarvoor. Ook de KNSB zal moeten bijdragen, het Rijk of andere provincies misschien. Schaatsen is natuurlijk niet alleen van Friesland."

Reedriden yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Deputearre Sander de Rouwe wol no trochpakke. "Acht ton is net foldwaande; dan bliuwt der in tekoart. We ha sjoen dat trije miljoen de kommende twa jier nedich is. Dat jild moat der no wol komme, want dan kinne we troch mei it ferbetterjen fan de plannen. Dêrom ha we no ek de rêst nedich fan de Steaten om dy útfiering te dwaan."

Thialf-direkteur Marc Winters sjocht it amendemint net sitten. "We moeten oppassen dat we niet na de zomer zonder geld en in de stress zitten. Als bedrijf wil je niet de hele dag bezig zijn met of er genoeg geld op de bankrekening staat om de salarissen te betalen."

Yn de rin fan dizze woansdeitejûn wurdt nei alle gedachten stimd.

Elsa van der Hoek, Sander de Rouwe en Marc Winters

(advertinsje)
(advertinsje)