Touringcars toeterje troch Den Haag en biede petysje oan

17 jun 2020 - 16:25

Seis touringcarbedriuwen út Fryslân ha woansdei mei bussen nei Den Haag west om te demonstrearjen foar mear stipe fan de oerheid. Ut Fryslân dienen de bedriuwen Birwa, Feenstra, Paulusma, Dalstra, de Jong en ITS reizen mei oan de aksje.

Foto: ANP

"We ha in moai slagge dei hân", seit Willem Beijaard, direkteur fan Birwa Tours út Damwâld. Mei 40 bussen binne se fan it stadion fan ADO Den Haag nei it Malieveld riden. " We ha in soad toetere ûnderweis, we ha fan ús hearre litten."

Yn Den Haag is in petysje oanbean mei it boadskip dat de touriungcarbedriuwen finansjele stipe nedich hawwe yn dizze coronatiid. "Sûnder rêde we it net. En we wolle in ferromming op de passazjiersplakken sadat we wer opstarte kinne. It is in kromme situaasje dat fleantugen fol sitte en yn it iepenbier ferfier mear minsken reizgje meie, wylst it by ús ek feilich kin."

Yn in gewoane touringcar meie, op elke ferdjipping, mar 12 passazjiers. Neffens de bedriuwen is de luchtsirkulaasje yn de bussen hiel goed, en kinne de bussen bêst fol, as minsken mar mûlkapkes opdogge.

Beijaard hopet dat de petysje by de Keamer komt en dat dy wat dwaan sil oan de problematyk.

Willem Beijaard, direkteur fan Birwa Tours

Foto: Willem Beijaard
(advertinsje)
(advertinsje)