Waadfûns stipet ferskate projekten mei miljoenen

17 jun 2020 - 15:14

It Waadfûns stelt goed 4 miljoen euro subsydzje beskikber foar tsien nije projekten yn it Waadgebiet. It giet om projekten dy't te krijen hawwe mei toerisme, kultuer, lânbou en fiskerij.

Foto: Simone Scheffer Omrop Fryslân

Ien fan de projekten is Shrimp4live dat de garnalefiskerij duorsumer meitsje wol en byfangst foarkomme moat. It projekt Panorama Wadden soarget derfoar dat De Bosatlas van de Wadden op 950 middelbere skoallen yn Noard- en Midden-Nederlân komt. En it projekt Algae Anywhere besjocht oft de stikstofproblematyk oplost wurde kin troch sâltwetteralgen te telen.

Der giet ek jild nei in projekt by Blije. Dêr komt bûtendyks in belibbingsplak yn de foarm fan in terp. Ek stipet it Waadfûns de pilot yn Harns om de badkultuer nij libben yn te blazen. De pilot moat it oanspielen fan algen op it swimstrân foarkomme.

Saakkundigen hawwe de subsydzje-oanfragen beoardiele en op grûn fan dat advys krije de tsien projekten jild.

Trefwurden: 
subsydzje Waadfûns
(Advertinsje)
(Advertinsje)