Dochs noch it Oerolgefoel op Skylge mei letters yn it lânskip

Gjin lokaasjefoarstellings en lânskipskeunst mei publyk op Oerol dit jier fanwege corona, mar it fynt allegearre digitaal plak. Dochs binne op guon plakken op Skylge wol in tal lânskipskeunstwurken te finen, sa as letters. It is in projekt fan keunstner Marc van Vliet.
Dochs noch it Oerolgefoel op Skylge mei letters yn it lânskip
'De ongelooflijke maar waargebeurde avonturen van de onbevangen Kasper op het anders zo zinderende eiland'. It is in hiele mûle fol, mar sa hjit de vlog fan keunstner Marc van Vliet. Op ferskate plakken op it eilân wurde mei in bouploech letters makke en al dizze letters foarmje dan in wurd. Al dit wurk wurdt filme mei in saneamde go-pro (in kamera op de holle) by Kasper, ien fan de dielnimmers fan de bouploech.
"Door middel van slow tv wordt dit langzaam in beeld gebracht. Zo kun je thuis vanaf de bank meegenieten van het eiland en hopen we het Oerolgevoel mee te geven", fertelt Isabelle Renate la Poutré. Sy montearret al de fideo's dy't alle dagen fan it festival online komme.
© Isabelle Renate la Poutré
Op tiisdei wie de ploech op it Waad oan it wurk. Doe't it eb wie, hawwe se allegearre stikjes hout yn it slyk stutsen dy't sa de letter T foarmje. Doe't it heech wetter waard, binne al dizze stikjes hout driuwen bleaun en wie de letter út de loft wei moai te sjen.