Fries Verzetsmuseum krijt stipe fan ministearje fanwegen coronasluting

17 jun 2020 - 14:25

Oarlochsmusea yn Nederlân, wêrûnder it Fries Verzetsmuseum yn Ljouwert, krije mei elkoar 2 miljoen euro. It jild is bedoeld as stipe foar de twongen sluting tusken 16 maart en 1 juny fanwegen it coronafirus.

It Fries Verzetsmuseum - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It jild komt fan it ministearje fan Volksgezondheid, Welzijn en Sport (VWS) en it Nationaal Fonds voor Vrede, Vrijheid en Veteranenzorg (vfonds) en giet nei musea dy't oansletten binne by de Stichting Musea en Herinneringscentra '40-'45.

Neffens steatssekretaris Paul Blokhuis ha de oarlochsmusea in fitale funksje yn de maatskippij. "Zij zorgen ervoor dat verhalen en herinneringen over de verschrikkingen van de oorlog levend blijven, zodat ook toekomstige generaties er van doordrongen blijven dat zoiets nooit meer mag gebeuren."

Yn it Fries Verzetsmuseum stiet de tentoanstelling Oog in oog met oorlog stil by 75 jier befrijing en lit ûnder oare foto's en filmmateriaal sjen fan de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)