Eigener fan grientewinkel Drachten nei Ried fan Steat foar skeafergoeding

17 jun 2020 - 14:11

De eigener fan grientewinkel Vershof Doldersum oan it Raadhuisplein yn Drachten fynt dat de gemeente Smellingerlân him as lytse ûndernimmer de dupe wurde lit fan de bou fan in parkeargaraazje. De eigener besiket by de Ried fan Steat in skeafergoeding te heljen.

Foto: Google Maps

It bouprojekt hat him in tusken de 4 en de 6 ton jild koste, jout er oan. De bou soe yn twa jier klear wêze moatte. Mar om't in projektûntwikkelder fallyt gie, duorre dat jierren langer en wie de winkel net goed te berikken fan 2008 ôf. Ek fynt de winkeleigener dat de gemeente folle mear dien hat foar gruttere en nije winkels, as foar lytse ûndernimmers lykas him.

De gemeente wol de grientewinkel net mear as 200.000 euro werom jaan. Doldersum en syn riedsman hope dat de Ried fan Steat kritysk sjen wol nei de rol fan de gemeente yn it projekt. Oer in pear wiken docht de rjochter útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)