Wetterskip sil stranger hanthavenje op bereinen sûnder melding

17 jun 2020 - 13:58

Wetterskip Fryslân sil mear hanthavenje oft der ûnrjochtmjittich bereind wurdt mei grûn- en oerflaktewetter. Der sille benammen kontrôles komme op de hegere sângrûnen yn de drûge perioaden. Yn de ôfrûne perioade hawwe der by 12 agraryske bedriuwen kontrôles west, dêrfan hiene 9 boeren gjin melding dien fan it bereinen.

Foto: Shutterstock.com (Toa55)

Dat melden moat wol, as it om minder is as 60 kúb giet. As it om mear as 60 kúb grûnwetter giet, moat der sels in fergunning komme. Boeten binne der lykwols noch net útdield, it Wetterskip hat it earst by warskôgingen holden.

Der rint ek noch in ûndersyk nei it bereinen mei grûnwetter, oer wat de effekten binne foar it grûnwetterpeil. De resultaten moatte yn july bekend wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)