Kampanje 'Ik bin grutsk, ik bin Frysk' is start fan Fryske Pride-jier

Mei de kampanje 'Ik bin grutsk, ik bin Frysk' giet it Fryske Pride-jier fan start. Op in online platfoarm litte Friezen út de reinbôgemienskip sjen dat se grutsk binne op har identiteit én har Fryske achtergrûn.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Op 20 juny soe de lanlike Roze Zaterdag yn Ljouwert fierd wurde, mar troch it coronafirus is dy dei mei in jier útsteld. Koartlyn is de provinsje Fryslân, as lêste fan Nederlân, no ek in reinbôgeprovinsje wurden. De flagge wurdt kommende sneon symboalysk hise op it provinsjehûs.
Op it platfoarm Friesland Kleurt wurdt de mienskip sichtber en it doel is ek om te emansipearjen en begryp foar elkoar te fergrutsjen. De kampanje toant mei ferhalen de krêft fan diversiteit en wol oare Fryske lhbtiq'ers ynspirearje ek nei bûten te kommen.
© Friesland Kleurt
Omrop Fryslân hat de dokumintêre 'Us Rainbow Warrior' makke, dy't kommend wykein te sjen is. Dy giet oer de striid fan Sipke Jan Bousema foar Fryslân as reinbôgeprovinsje.
Fryslân DOK 'Us Rainbow Warrior' is te sjen op sneon 20 juny (15.30 oere) op NPO2 (werhelling 21 juny om 13.10 oere) en snein 21 juny (17.00 oere en dan elk oere wer) op Omrop Fryslân.