Súdwest-Fryslân set mei subsydzjepot yn op griene dakken

17 jun 2020 - 16:34

De gemeente Súdwest-Fryslân hat in subsydzje klearlizzen foar minsken dy't in grien dak oanlizze wolle. Troch de klimaatferoaring hawwe wy hieltyd mear wetteroerlêst, hjitte en drûchte. Mei planten op it dak kinne de effekten dêrfan yn de eigen omjouwing beheind wurde. It giet om in subsydzje oant maksimaal 50 persint fan it oankeapbedrach, mits it ûnder de 5.000 euro bliuwt.

Foto: Shutterstock.com (shutternelke)

Op sa'n 'grien dak' moatte planten groeie dy't wetter bergje kinne. Sa hat it rioel minder te lijen by flinke reinbuien. Ek soarget in grien dak foar ferkuolling yn de simmer en ferwaarming yn de winter. Boppedat giet sa'n dak langer mei en is it goed foar it bioferskaat en foar ynsekten, seit de gemeente. Binnen in heal jier nei takenning fan de subsydzje fan de gemeente moat it dak der lizze.

"Mei sinnepanielen derby heger rindemint"

Wethâlder Erik Faber fan de gemeente Súdwest-Fryslân sjocht de subsydzje as in goede oanfolling op de duorsumheidsaskjes en it helpt ek tsjin wetteroerlêst. De begroeiïng mei it plantsje sedum moat tapast wurde op platte dakken, seit er. Ast dêrby sinnepanielen nimst, is it rendemint heger, neffens de wethâlder.

Wethâlder Erik Faber

(advertinsje)
(advertinsje)