Partijen tsjinje moasje yn om wolf út provinsje te hâlden; stek om Fryslân hinne

17 jun 2020 - 12:54

De wolf moat net nei Fryslân komme. Fjouwer partijen, VVD, CDA, Forum voor Democratie en PVV ha in moasje yntsjinne. Se freegje de provinsje om gau mei in plan fan oanpak te kommen om de wolf út de provinsje te hâlden.

Marten Dijkstra, biologysk boer yn Aldeboarn en VVD-steatelid, is inisjatyfnimmer fan de moasje. It moat neffens him no oan de oarder komme om't de wolf him noch net fêstige hat yn Fryslân. "As dat wol sa is, kinst der neat mear oan daan."

Ien fan de opsjes is neffens him in stek om Fryslân hinne spesjaal om de wolf te kearen. "In oare opsje is om de wolf te ferdôvjen, te fangen en op in oar plak yn Europa útsette dêr't wol plak is. Of ôfsjitte, mar dat leit dreech om't er op de reade list stiet, dus dat is gjin opsje."

De wolf is in gefaar foar de skiep. "Skieppehâlders ha noed oer har fuortbestean. Se ha der in deitaak om har skiep te beskermjen mei stekken mei stroom."

Hy hat der wol betrouwen yn dat de moasje it hellet. "We moatte der net nayf mei omgean en sizze dat it wol tafalt. We moatte it yn it foar goed regelje en dat ûntbrekt der no yn myn eagen oan."

Marten Dijkstra

Foto: ANP

Net útfierber

FNP en PvdA binne it der net mei iens dat de fjouwer oare partijen de wolf keare wolle út Fryslân. FNP'er Sijbe Knol leit út dat er it net foar him sjocht hoe't de provinsje it rôfdier keare sil. By it pleatsen fan in stek om Fryslân soene ek in hiel soad oare bisten net mear binnen komme kinne. Ek fielt Knol neat foar it ferdôvjen fan it bist, om it dêrnei nei in oar natuergebiet yn Europa te bringen. "As je him ôfpelle, dan is it in frij ridikule moatsje", lit it Steatelid witte. "It moat ek útfierber wêze. Dit bist is troch in hiel soad regeljouwing beskerme, dus wy sjogge der totaal gjin brea yn."

Boppedat tinkt Knol dat de wolf him net iens definityf yn Fryslân fêstigje sil. "Sa'n bist hat minimaal in territoarium fan 75 fjouwerkante kilometer nedich", leit Knol út. "As hy hjir in kear passearret en skea oanrjochtet foar minsken, is dat hiel ferfelend. Dat begripe wy ek. Mar we binne net bang foar problemen dy't him kontinu foardwaan sille, absolút net."

Sijbe Knol fan de FNP oer de wolf yn Fryslân

Trefwurden: 
wolf steaten moasje
(advertinsje)
(advertinsje)