Opposysje yn Steaten kritysk oer miljoeneliening oan Thialf
Provinsjale Steaten prate dizze woansdei oer in liening oan iisstadion Thialf fan 2 miljoen euro. De Europeeske Kommisje hat it plan al goedkard. Oerheden meie tydlik publyksjild stekke yn bedriuwen dy't it dreech ha, as dy bedriuwen belangryk binne foar it algemien belang.
De Steaten binne kritysk op de bydrage. Opposysjepartijen as GrienLinks, ChristenUnie en D66 jouwe oan dat se wrakselje mei it foarstel fan Deputearre Steaten, om't der noch in soad ûndúdlik is.
Se fine it eins net in 'herstelplan', want der bliuwt in jierliks tekoart fan seis ton, dus it is gjin oplossing foar de lange termyn. Ek wolle se dat der in ûndersyk komt om te sjen nei de beslútfoarming oangeande Thialf op It Hearrenfean.
Earder waard bekend sportkoepel NOC*NSF fan 2021 ôf jierliks 250.000 oermeitsje sil. Dat lost it tekoart fan seis ton net op. Ek oer dy tasizzing binne noch fragen, oft dat struktureel is of ynsidinteel.
Guon neamden it Thialf 'in boaiemleaze put'. Guon partijen binne ek benaud foar ûnderhâldskosten op de lange termyn. 'Hoefolle kinne je noch freegje fan de belestingbeteller', wie ien fan de opmerkingen yn de gearkomste.
Marc Winters, direkteur fan Thialf, is wiis mei it jild fan NOC*NSF. "Het helpt om het structurele tekort terug te dringen. Dat was begin dit jaar ruim een miljoen, de helft daarvan is al teruggebracht door te reorganiseren. De andere helft moet van andere partijen komen." Neffens him giet it om in strukturele bydrage fan de sportkoepel. "Voorlopig is het structureel, met de intentie dat als het in de toekomst beter gaat dat we dan de bijdrage aanpassen."
De twa miljoen dêr't de Steaten oer prate, is bedoeld as 'oerbrêgingskredyt'.