Patrizen sjoen by Appelskea; "Het maakt mijn dag weer goed"

17 jun 2020 - 11:27

By Appelskea binne twa patrizen sjoen. Dat is bysûnder om't yn ferliking mei de santiger jierren mei no 95 prosint fan de populaasje fan dizze fûgel ferdwûn is. Om de fûgels werom te krijen is oar behear fan boulân ynset en dat docht no dus fertuten.

Patrizen sjoen by Appelskea; "Het maakt mijn dag weer goed"

De fûgel is sjoen yn it lân fan Jaap Mekel. "Ik heb eergisteren twee patrijzen zien wegvliegen. Ik herkende ze, omdat ik ze vroeger wel vaker heb gezien. Ze hebben een heel kenmerkende vlucht, ze vliegen op, fladderen ze even kort en dan een zweefvlucht en dan fladderen ze weer kort. Ze blijven vrij laag boven de grond vliegen en dan klappen ze weer ergens in dekking", fertelt Jaap Mekel.

Om de fûgel wer werom te krijen binne ferskate saken dien. "Ik heb een kilometer meidoornheg staan en dat vinden ze prettig om in weg te duiken. Er is een greppel waar ik de wilgen in op laat komen. Ik snoei ze wel, maar dat doe ik gefaseerd. Daardoor staan er elk voorjaar wilgen te bloeien en dat is weer van belang voor bepaalde bijensoorten."

Hy is der wiis mei dat er de patrizen wer sjoen hat. "Het is een mooie soort, ik word er heel blij van en het maakt mijn dag weer goed."

Boppeslach

"Mekel fiert agrarysk natuerbehear út. Der is ek in stik lân dat spesjaal foar winterfûgels oanlein is, sa as de patriis", seit Sander Zonderland, gebietskoördinator ELAN dat him ynset foar mear bioferskaat.

"Yn ferliking mei de santiger jierren mei no is 95 prosint fan de populaasje patrizen ferdwûn. Yn Fryslân binne noch in pear spantsjes by de waadkust. Hjir is er de lêste tsien jier net mear sjoen. Der is te min iten, te min beskutting en briedmooglikheden. In soad rommelige hoekjes binne ferdwûn. It is hiel bysûnder dat er hjir wer waarnommen is. Ik tink dat dat wol sa'n acht jier lyn is yn dit gebiet. Dat is wol in boppeslach."

Patriis - Foto: Wikimedia Commons

Jaap Mekel en Sander Zonderland

(Advertinsje)
(Advertinsje)