Gaslieding rekke by restauraasjewurk oan de tsjerke fan Lytsewâld

By it restauraasjewurk oan de 18de-iuwske tsjerke fan Lytsewâld is woansdeitemoarn in gaslieding rekke. De brânwacht fan Bûtenpost is op it plak kaam om mjittingen te dwaan en it die yndie bliken dat der gas ûntsnapte. Gasbehearder Stedin hat dêrnei it gaslek reparearre.
© De Vries Media
Sûnt 9 juny is Stichting Alde Fryske Tsjerken dwaande om de tsjerke fan Lytsewâld op te knappen. De tsjerke út 1782 fersakket en dêrtroch komme der flinke skuorren yn de muorren. De oarsaak fan it fersakjen is it ynklinken fan de grûn.
Under it skip fan de tsjerke moat in nije fundearring komme. Dy fundearring sil bestean út 50 stielen peallen fan elts 10 meter djip. Dy wurde mei beton opfolle.