Twadde Keamerlid Aukje de Vries wol mear boatkapasiteit nei Waadeilannen

Twadde Keamerlid Aukje de Vries (VVD) fan Ljouwert hat mei Erik Ziengs (ek VVD) in tal fragen steld oan de steatssekretaris fan Ynfrastruktuer oer de boatkapasiteit fan de Waadeilannen. De Vries wol witte oft der wol rekken hâlden wurdt mei de spesjale status fan de Waadeilannen, dêr't foar jildt dat der gjin alternativen binne om op de eilannen te kommen.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Neffens De Vries hawwe de bedriuwen op de eilannen te krijen mei in grutte delgong oan ynkomsten, om't der minder romte is foar deitoeristen en der ek in soad toeristen ôfsizze moatte om't der gjin plak op fearboaten is.
It Twadde Keamerlid wol witte wat de steatssekretaris docht om de kapasiteit fan de boaten grutter te meitsjen. Ek wol sy witte oft it Outbreak Management Team begryp hat foar de spesjale status fan de eilannen. Bûten de feartsjinsten binne der gjin alternativen om nei de eilannen te kommen.