Touringcarbedriuwen ûnderweis nei Den Haag; se wolle mear stipe

17 jun 2020 - 10:29

Seis touringcarbedriuwen út Fryslân binne dizze woansdei mei bussen ûnderweis nei Den Haag om te demonstrearjen foar mear stipe fan de oerheid. Op it Malieveld komme bussen út it hiele lân by elkoar. Ut Fryslân binne dit Birwa, Feenstra, Paulusma, Dalstra, de Jong en ITS reizen.

Foto: Willem Beijaard

De bussen sammelje yn Utrecht, ride dan troch nei it stadion fan ADO Den Haag. Dêrwei gean 40 bussen, it maksimale oantal, nei it Malieveld. De personielsleden fan de touringcarbedriuwen moetsje dêr fertsjintwurdigers fan de regearing.

De bedriuwen protestearje tsjin it feit dat touringcars strangere coronamaatregels oplein krije as it gewoane iepenbier ferfier en fleantugen. Yn in gewoane touringcar meie, op elke ferdjipping, mar 12 passazjiers. Neffens de bedriuwen is de luchtsirkulaasje yn de bussen hiel goed, en kinne de bussen bêst fol, as minsken mar mûlkapkes opdogge. Fierders pleitsje se foar mear finansjele stipe fan de oerheid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)