Boargemaster Oosterman ûnôfhinklik foarsitter fan Drintske wolvekommisje

17 jun 2020 - 10:24

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf hat der yn de provinsje Drinte in bysûndere taak by krigen. Hy wurdt foarsitter fan in spesjale gebietskommisje om skea troch wolven te beheinen. Dy kommisje is ynsteld troch Deputearre Steaten fan Drinte en Oosterman is oanlutsen as ûnôfhinklik foarsitter fan bûten de provinsje.

Foto: Gemeente Eaststellingwerf

De kommisje bestiet fierder út fertsjintwurdigers fan de skieppesektor en lânbou- en natuerorganisaasjes. Oosterman sil him yn de kommisje dwaande hâlde mei previntive maatregels om skiep te beskermjen tsjin wolven. Sa moatte skieppehâlders foarljochting krije.

Yn Drinte liket it der op dat in wolf him permanint fêstige hat. Ek yn Fryslân komme hieltyd faker berjochten oer wolven, lês bygelyks:

(advertinsje)
(advertinsje)