Ynstrukteurs ferfolge foar ferantwurdlikens by ferdrinking jonkje op De Lemmer

17 jun 2020 - 09:46

Twa swimynstrukteurs fan swimbad Ny Sudersé op De Lemmer wurde ferfolge om't it Iepenbier Ministearje harren ferantwurdlik hâldt foar de ferdrinking fan in jonge fan 11 jier op 6 febrewaris. Dat hat it Iepenbier Ministearje bekend makke.

Neffens it Iepenbier Ministearje hawwe de twa ynstrukteurs net goed op de jonge let. Sa koe er ûnder wetter reitsje en is de jonge ferdronken. In tredde swimlearaar wurdt troch it IM net ferfolge. Dizze learaar joech op it stuit fan it ynsidint yn in oar bad les. Ek it swimbad wurdt net ferfolge. It is noch net bekend op hokker dei de sitting hâlden wurde sil.

De advokaat fan de mem fan de jonge wol noch net in reaksje jaan. Dat is Nanne Greven fan Keuning Advocaten yn Ljouwert. Advokaat Greven jout oan it beslút heard te hawwen fan de offisier fan justysje en hat earst it plysjedossier opfrege. Dat wurdt binnen twa wiken ferwachte.

Swimles

De jonge (11) wie noch mar in pear moanne yn Nederlân, hy is berne yn Eritrea en wie noch mar krekt by syn mem yn Balk, dy't as flechtling nei Nederlân kaam wie. Hy krige syn earste swimles op De Lemmer.

Neffens de mem fan de jonge soe der net genôch tafersjoch west hawwe en mocht sy fan de skoalle fan de jonge net mei nei it swimbad. De plysje en gemeente De Fryske Marren hawwe nei it ûngelok al oanjûn dat der in ûndersyk komme soe.

Foto: ProNews
(Advertinsje)
(Advertinsje)