Kollum: "Byldestoarm"

17 jun 2020 - 09:02

"Op it Hofplein yn Ljouwert stiet it byld fan Us Heit. Willem Lodewijk van Nassau Dillenburg, steedhâlder yn Fryslân en letter ek yn Grinslân en Drinte. Net dat hy sa foar noardlike gearwurking wie, mar it soarge dat hy foarop rinne koe yn it Nederlânske leger.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Hy hat safolle Spanjerts deamakke dat harren neiteam al ûnderweis is om no syn stânbyld del te heljen. Sy sille holpen wurde troch tsjinstwegerders, want hy hat de dissipline ynfierd yn it leger. No en dan helje wy as wraak Caspar di Robles, de Stiennen Man fan Harns, ek del. Dy siet by de Spanjerts.

Byldestoarm. No binne de measte bylden yn Fryslân ûnskuldich of abstrakt. En we hawwe hjir bylden wêrfan't wy yn de provinsje net witte wat foar lju oft it wiene. Sa moatte wy Brechtsje, Teuntsje en Tsjotsje yn Ysbrechtum mar stean litte. Lykas Tryntsje en har soannen yn Oentsjerk. En lit Afkes Tsiental yn Wergea ek mar stean, lykas Sybren de Jong yn Koudum, Sibbeltsje Gjaltema fan Gau. En fansels meester Lok fan Ravenswâld.

En de hillige Friezen komme we ek net oan: Titus Brandsma, Eise Eisinga, Hendrik Bulthuis, Bintsje, Menno Simons, Pim Mulier, Gysbert Japicx, Hotze Schuil, Hotze de Roos, Waling Dykstra, Abe Lenstra en de Alvestêderider.

Mar wat moatte wy yn Hylpen mei Peter Tazelaar. It wie ien fan de earste Ingelânfarders, mar letter assistint fan keninginne Wilhelmina. Har eigen oerbeppesizzer sei lêst dat dy har te min oanluts fan de minsken dy't hjir weihelle waarden yn de oarloch. Dus del dat byld.

En doch dan dy oare fazal fan Wilhelmina, Piter Sjoerds Gerbrandy, dy't yn Snits stiet, der ek mar by. Dy gie ea ek noch swier bewapene nei Den Haag om de revolúsje fan Piter Jelles Troelstra tsjin te hâlden. En helje yn Ljouwert dan fuort dy Troelstra mar del, want dy elitêre sosjalist sette doe net genôch troch.

Anton Wachter yn Harns haw ik sûnt de literatuerlist op skoalle in etterke fûn, delhelje. En de dichter Herman Gorter dy't yn Balk stiet, waard as menist letter kommunist. Der binne genôch lju dy't dêr net oer kinne: yn De Luts. In oare dichter, Jan Jacob Slauerhoff dûkt yn Ljouwert en Flylân op, delhelje. Dy skreau dichtbondels mei as titels Mo yang ke en Yoeng poe tsjoeng. Sineesk, dat kin nei de corona dochs net mear. En Havank wie in sûplap, dy wolle we ek net mear sjen.

Mata Hari siet doe't se krekt troud wie as grand lady yn Ynje. No dan profitearren je fan je posysje. Sa ek Egbert Douwe de Jong fan De Jouwer, dy helle yn 1773 al Eastersk guod op. Dat gie fêst ten koste fan dat earme folk dêr. Sa ek ûntdekkingsreizgers as Willem de Vlaming fan Flylân en Willem Barentsz fan Skylge. Dy lêste wie sa wreed dat hy in hûs boude foar syn folgers, sûnder sintrale ferwaarming.

Kardinaal De Jong fan It Amelân soe ûnderskieden wurde foar it rêden fan minsken yn de oarloch, mar doe die bliken dat syn neiste meiwurker syn oarlochsmisdiedige neef rêde woe. Miskien hat De Jong dat wol witten. Gjin ûnderskieding. Wol in byld op It Amelân. Dat kin de Waadsee wol yn.

Op Skylge stiet de plantkundige Victor Westhoff, dy socht helmgers by Peal 8. Mar dy doogde alhiel net. Hy sei dat protestanten better op de natuer pasten as roomsken, want dy frette alles op.

Dêr hie Fedde Schurer, dy't no noch dreamerich op in Hearrenfeansk terras stiet, ek lêst fan. Hy siet likegoed foar de kristliken as foar de sosjaaldemokraten yn de polityk. Dûbelfluiter. As wy him delhelje, wurde we holpen troch alle net-Frysk fersteande rjochters. En Bonifatius yn Dokkum hawwe we yn 754 al delhelle.

It froutsje fan Starum wie in kribbich deun wiif, de haven yn. Grutte Pier en de stien fan Warns kin ek wol fuort. We skamje ús dochs dea dat we doe dy Hollanners sa te liif giene.

Uteinlik bliuwt der mar ien byld oer dêr't net ien oankomme mei. Dat fan Anne Woudwyk oan de Gauke Boelenstrjitte yn Drachten. It anty-apartheidsbyld.

Of litte we Pieter Stuyvesant yn Wolvegea ek stean. Om de Amerikanen dúdlik te meitsjen dat je de tiid fan no echt net ferlykje kinne mei de tiid fan doe."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)