Alde besikerssintrum Hegebeintum sloopt: lang om let komt nijbou

De lêste dei is oanbrutsen foar it âlde besikerssintrum fan Hegebeintum. Eins giet it om in tydlik skoalgebou út de jierren 90 dat oant hjoed-de-dei noch brûkt waard as besikerssintrum. De organisaasje hat jierren dwaande west mei de plannen en kin it gebouke no lang om let ferfange.
Alde besikerssintrum Hegebeintum sloopt: lang om let komt nijbou
Foarsitter Rits van der Ploeg fan Stichting TERP Hegebeintum jout oan dat de sloop him ek wol in bytsje oan it hert giet. "Ik haw der wol in bytsje in gefoel by. Ik haw hjir sels al seis jier omspûke, mar guon frijwilligers wol hast 25 jier. Eltsenien hat meiholpen om it leech te heljen. Frijwilligers giene der somtiden ek wol mei in lyts trientsje út. It hat ús wol in soad muoite koste."
Dochs is hy tige wiis mei de oanpak fan it besikerssintrum: "Wy dogge it foar de mienskip, foar dit doarp en de omkriten. It knapt de boel op. Us gemeente Noardeast-Fryslân wol fan ús ek wol in bytsje it Parys fan it Noarden meitsje. Dêr wurkje wy hurd oan mei, wy wolle hjir wol mear toeristen nei ta krije fansels. De tsjerke is fan de stichting Alde Fryske Tsjerken, mar wy jouwe de rûnliedingen en fertelle oer de kultuerhistoaryske wearden."
Projektlieder Johan Tigchelaar leit út dat it wol in lange wei koste hat om op dit momint út te kommen. "Ik bin nei fjouwer jier tarieden wol bliid dat wy no wat dwaan kinne. En dat wy yn augustus úteinsette kinne mei nijbou. Wy hawwe fjouwer jier dwaande west om eksterne subsydzjes te krijen. Lang om let is dat slagge. De kaaiposysje lei by it Waadfûns. Dat is spitigernôch twa kear mislearre, mar de tredde kear krigen wy fiif ton. Mei de oare subsydzjejouwers lykas provinsje, gemeente en partikuliere fûnsen koene wy de dekking krije. Wy hawwe in goede arsjitekt socht, der leit no in prachtich moai plan. Dat hat ek de goedkarring fan bewenners fan it doarp," seit Tigchelaar.
De sloop fan it âlde besikerssintrum © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Rits van der Ploeg en Johan Tigchelaar

De opset: in skuorre yn in nij jaske

De arsjitekt fan it nije besikerssintrum is Bauke Tuinstra fan TWA Architecten fan Burdaard. Tuinstra hat in soarte skuorre-eftige opset makke foar it nije sintrum, om't it ek wat efter de wenbebouwing stiet. Op de muorren komme swarte, fertikale panielen fan hout.
Dêr komt ek in ferdjipping boppe-op. "Dy ferdjipping jout ús ekstra romte, it giet om 50 kante meter ekstra. Njonken in spannende ynrjochting kinne je ek út it panoramarút wei nei de midsiuwske tsjerke sjen, yn folle gloarje," seit Tigchelaar.

Trije-ienheid

Van der Ploeg: "Wy hawwe te krijen mei in soad minsken út de museumwrâld en mei stichting Alde Fryske Tsjerken. Eltsenien hat ús oanret in sichtferbining te meitsjen tusken it gebou, de terp en de tsjerke. Dat is in trije-ienheid. Minsken dy't op besite komme om Hegebeintum te belibjen, hawwe hjir oant dit momint noch neat sjen kinnen. Dat kin aanst wol."
By de sloop sil ek archeologysk ûndersyk dien wurde. Hegebeintum is al in âld terpdoarpke, dus wa wit wat der noch yn de grûn sit. Mooglik smyt it nije ynformaasje op oer de skiednis fan de heechste terp yn Nederlân. "Yn 1997 is der in quickscan makke troch in buro, dêr kaam noch net in soad út. Mar no't de grûn op de kop giet, is it bêst mooglik dat der wat fûn wurdt," seit hy.
De bedoeling is om nei de boufak útein te setten mei de bou fan it nije sintrum en mei de peaskedagen yn 2021 te iepenjen.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Oer it nije besikerssintrum