Mirjam Günther: "Meardere talen yn ien petear is net asosjaal, Frysk kin ek in 'luistertaal' wêze"

It brûken fan meardere talen yn in petear hoecht net raar te wêzen. Dat seit Mirjam Günther-van der Meij, assistint lektor Meertaligheid en Geletterdheid oan de Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden. Se reagearret dêrmei op de kommoasje dy't tiisdei op Twitter ûntstie, om't in soad minsken it raar fine dat sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân Frysk praten bliuwe, wylst studiogast Gerry Hamstra fan SC Hearrenfean Nederlânsk werom praat.
Mirjam Günther-van der Meij © Mirjam Günther-van der Meij
'Asosjaal' sizze minsken op Twitter. Hielendal net asosjaal, sa seit Hamstra sels op Omrop Fryslân as reaksje op alle kommoasje. "Het gaat om het tonen van respect voor de cultuur in Fryslân. Ik zie het probleem zelf niet," laket er.
© Omrop Fryslân
Mar hoe sit dat no krekt? Is it wier sa raar dat je ferskillende talen yn in petear brûke? Mirjam Günther-van der Meij, assistint lektor Meartaligens en Geletterheid oan NHL Stenden yn Ljouwert, begrypt de kommoasje earne wol. "In soad minsken yn Nederlân binne net wend oan de meartalige situaasje sa't wy dy yn Fryslân kenne. Sy fine dat je yn in petear altyd deselde taal prate moatte, om mei-inoar kommunisearje te kinnen. Dat hoecht lykwols hielendal net, as je inoar mar ferstean. Dan kinne je ek in begryplik petear hawwe en dogge je rjocht oan alle talen. It Frysk en it Nederlânsk binne twa offisjele talen, dy kinne je yn Fryslân ek prima neist inoar brûke. Yn Limboarch soe ik it lykwols net besykje", laket Günther.

Ferskillende talen troch de wenkeamer

Sels wennet Günther yn Swolle mei har man en bern. "Myn man syn woartels lizze yn Dútslân, dy fan my yn Fryslân. Ik praat Frysk mei de bern. Myn man prate earst Dútsk mei de bern, mar dat is dochs ferskood nei it Nederlânsk, om't dy taal him dochs better leit. Yn hûs wurdt neist Dútsk en Frysk ek in soad Nederlânsk praat." Günther moat earlik sizze dat se der sels ek wol wurch fan wurde kin as de skoanfamylje de hiele dei Dútsk praat mei-inoar. "It Dútsk is net myn memmetaal, dat ik moat my gewoan mear ynspanne om alles mei te krijen. Dat jildt oarsom ek foar myn man mei it Frysk."

Frysk as 'luistertaal'

Günther fertelt dat út ûndersyk bliken docht dat 94 persint fan de Friezen de Fryske taal ferstiet. "Dus hast eltsenien begrypt it as je Frysk prate. It liket my dan ek gjin probleem as elts syn memmetaal praat, as eltsenien inoar ferstean kin. Dat hjit ek wol it brûken fan in 'luistertaal', kommunisearje yn je eigen taal en harkje nei de taal, dy't je wol ferstean, mar sels net floeiend prate."
Neffens Günther moatte minsken faak in drompel oer om in oare taal as 'luistertaal' te brûken. "It is miskien spannend, mar as je wolle dan kin der in soad. It hat allegear mei je taalhâlding te krijen. Foar myn wurk haw ik ek in soad kontakt mei minsken yn Drinte en Dútslân. Sy prate dan gewoan Drintsk en Dútsk en ik Frysk of Nederlânsk. Wy ferstean inoar, om't we in soad wurden fan inoar ek wol werkenne. Lûk gewoan de registers iepen. Hokker wurden lykje op de wurden yn je eigen taal. Wat kinne je liede út oare talen. Je sille sjen dat je in soad ûnbewuste taalkennis hawwe."
© ANP

Taalhâlding feroarje

Muzyk is in goed middel om minsken positiver nei taalferskaat sjen te litten. "Je sjogge bygelyks dat minsken yn it begjin wenne moasten oan de tongfal fan Ilse de Lange, mar eintsjebeslút binne se dochs fan fan har muzyk. Dochs is der noch wol in lange wei te gean foar't eltsenien de meartalige situaasje fan Fryslân begrypt", beslút Günther.
Mirjam Günther-van der Meij