NOC*NSF jout kwart miljoen it jier oan Thialf

Provinsje Fryslân en NOC*NSF ha tiisdei in oerienkomst sletten foar in strukturele bydrage fan NOC foar 250.000 it jier. Fan 2021 ôf sil de sportkoepel jierliks dat bedrach oermeitsje oan it iisstadion. Dat bedrach komt op in goed momint foar Thialf. It stadion hat it dreech en twa wiken ferlyn kaam nei bûten dat de sinnepanielen op it dak net te fersekerjen binne.
© CAMJO media / Jaring Rispens
Yn Provinsjale Steaten wurdt woansdei praat oer it iisstadion. It giet dan om de bydrage fan 2 miljoen euro om Thialf wer finansjeel sûn te krijen. De Steaten binne kritysk op de bydrage. Opposysjepartijen as GrienLinks, ChristenUnie en D66 seine woansdei te wrakseljen mei it foarstel fan Deputearre Steaten, om't der noch in hiel soad ûndúdlikens is. Sa is der jierliks in struktureel tekoart fan seis ton. Dat is mei de bydrage fan NOC*NSF noch net oplost.
Provinsjaal wurdfierder Peter Van der Meerschaut lit witte: "We binne bliid mei it ekstra jild, mar we binne der noch lang net." Van der Meerschaut doelt dêrmei ek op it eksploitaasjetekoart. Deputearre De Rouwe joech earder al oan dat hy fynt dat ek it Ryk ta de bûse moat. Just om't Thialf sa'n wichtige rol spilet yn de topsport.

De Rouwe wiis mei stipe

Deputearre Sander de Rouwe is út de skroeven. "Dit komt op in geweldich goed momint. Woansdei sille de Steaten prate oer it kredyt dat nedich is, fan 2 miljoen fan Provinsjale Steaten en 1 miljoen fan gemeente Hearrenfean. De Steaten hawwe earder al sein dat ek oare partijen wat dwaan moatte: it Ryk, it sportbûn. Dat bart dus no ek."
It is in flinke stap foarút, jout De Rouwe oan. "Ik haw altyd sein: wy geane foar swarte sifers en gouden plakken. Dy sifers binne no noch read, mar dy feroarje no wol. It is in swier trajekt, mar mei dit bedrach geane wy al de goede rjochting op." Dochs binne sy der noch net. "Der spilet in probleem mei de sinnepanielen en de coronakrisis spilet ek noch, dus wy binne der noch net út. Uteinlik wol NOC*NSF ek dat de bydrage leger wurdt, mar dat kin ek allinne as de kosten omleech geane en de opbringsten omheech. Dus dêr sille alle partijen noch oer prate moatte."

Druk opfiere

Foar de stipe hat de provinsje ek druk oplein. "NOC*NSF, dat is úteinlik it Ryk, betellet wol foar Thialf mei de KNSB. Wy seine de lêste jierren al dat it om in goed bedrach giet, mar dat it net genôch is foar de kosten. Dus it ôfrûne healjier hawwe wy de druk opfierd. Dit kin sa net út en je kinne net alles fan de Friezen freegje. Dy druk fan de provinsje, gemeente en miskien ek wol in Sven Kramer hat wol holpen."
Deputearre Sander de Rouwe