Learlingen fuortset ûnderwiis moatte allegear reanimaasjeles krije

16 jun 2020 - 22:44

Tritich kear it boarstbien djip yndrukke, dan twa kear beäzemje en dan wer opnij begjinne. Nynke Boxum har holle rint read oan. De pop ûnder har hannen moat it oerlibje, dat is de misje. Mar de boarst sa fier yndrukke is swier wurk. Mylan van Schie sjit te help. Hy hat yntusken 112 belle en it reanimaasje-apparaat pakt.

Learlingen fuortset ûnderwiis moatte allegear reanimaasjeles krije

De elektroaden wurde oanlein en beide nimme ôfstân. Mylan en Nynke binne beide tieners dy't op de middelbere skoalle sitte. Sy witte wat se dwaan moatte om't se in kursus folge ha. Mar de measte learlingen yn it fuortset ûnderwiis witte dat net. Dêr wol it Reade Krús Fryslân feroaring yn bringe.

Spesjaal lesprogramma

De measte learlingen witte net of amper hoe't se EHBU of reanimaasje tapasse moatte as dat nedich is. Se witte net wat se dwaan moatte as in klassegenoat wat oerkomt, in tafal of in ynfarkt kriget. Reade Krús Fryslân wol dêrom nei de simmerfakânsjes mei in spesjaal lesprogramma by de skoallen lâns om dizze situaasje sa gau mooglik te feroarjen.

Janet Terpstra is kollektekoördinator by it Reade Krús: "Wy wolle dat hiel graach. As we learlingen opliede dan ha minsken dy't troffen wurde troch in ynfarkt in folle gruttere kâns om te oerlibjen. Want dizze jeugd giet op stap, is op in sportfjild. As se it allinnich al werkenne en dan 112 belje, dan winne je al safolle tiid."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Fjouwer learlingen fan ROC Friese Poort dy't de kursus al dien ha, fine it in goed idee. Nynke Boxum: "By ús op skoalle krije allinnich de learlingen fan soarch EHBU. mar it soe goed wêze om dat oan alle learlingen te jaan."

EHBO ûnder skoaltiid

Mylan is it dêr mei iens. Hy tinkt dat learlingen maklik te motivearjen binne: "Doe het tijdens de wat minder populaire lesuren. Dan bied je juist iets dat leuk is om te doen en je kunt mensen helpen." De fjouwer ha sels kontakt socht mei it Reade Krús. It wie ûnderdiel fan in stúdzjeopdracht. De belangrykste les? Mylan: "Dat je eerst 112 belt en dan begint met helpen en dat je van reanimeren best moe wordt."

"Ja, dat is hurd wurkjen", wit ek Janet Terpstra. "Faak dogge je it ek noch op in hurde ûndergrûn. En betink dan dat it nei it beljen fan 112 noch wol seker sân minuten duorje kin foardat der in ambulânse is. Dan moatte je al troch mei de reanimaasje."

Kollektewike

It doel fan it Reade Krús wie oarspronklik om de opbringsten fan de kollektewike foar dit ûnderwiisprojekt te brûken. Troch de coronamaatregels is de reguliere hûs-oan-hûskollekte fan 21 oant en mei 27 juny dit kear lykwols net mooglik. De kollektanten sille no flyers besoargje dêr't yn útlein wurdt hoe't minsken dochs jild oermeitsje kinne.

Ek is it mooglik om op de offisjele webside fan it Reade Krús in digitale kollektebus oan te meitsjen. De behearder hjirfan kin dan yn eigen rûnte freegje om jild te stoarten.

Oefenje foar mûle-op-mûle reanimaasje - Foto: Shutterstock.com

Harkje hjir nei de reportaazje

(Advertinsje)
(Advertinsje)